Euregua

Wat is it selskipspul Euregua?

It spul hâldt wat it midden tusken in guozzeboerd en triviant. Der sitte in pear steapels kaartsjes yn mei fragen oer de Fryslannen.  Fryslannen omdat der in aparte steapel is foar Sealterlân sa’n 50 km foarby Nijeskâns dêr’t noch altyd rûchwei 2000 minsken (sealter) Frysk prate. Datselde jildt foar NoardFryslân dat tsjin de Deenske grins oan leit. Dêr binne noch 10.000 (Noard) Fryskpraters wurdt der sein.

Der sitte yn de doaze ek fragen yn it Bildts, Stellingwarfs en Hylpers. De fragen geane oer de skiednis fan Fryslân, geakunde en natoer, mar der binne ek mear algemiene fragen oer sport, muzyk ensafuorthinne. Tagelyk wurde Europa en dan benammen de oare minderheidstaalgebieten yn Europa net fergetten. In doaze kostet € 32,50. Dat kin sa goedkeap omdat it net in kommersjeel produkt is, makke troch frijwilligers en mei stipe fan de Ried, de provinsje, de Douwe Kalmastichting en de Boersma-Ademastichting. De adressen dêr’t it te krijen is steane hjirûnder. In doaze kostet € 32,50. Graach earst eefkes belje as jo ien ophelje. Om de hege ferstjoerkosten kinne de doazen net ferstjoerd wurde.

Sjoch foar mear ynformaasje http://www.euregua.com/index.html


Comments are closed.